Hongarije heart wol by de Europeeske uny, mar se hawwe de Euro noch net. Miskien sjogge se de kat út ‘e beam nei alle Grykske Eurotreurnis, of wachtet de Eurosône earst mar ris ôf oft Hongarije by de demokratyske en ekonomyske les bliuwt.
Mar sa misse reizgers nei it Ûngerslân (âlde Fryske namme foar Hongarije) wol it iennichst oerbleaune foardiel fan de Euro: oeral, oant yn Grikelân ta, betelje (foaral dat!) mei de selde munt.
Op de lofthaven fan Bûdapest steane gelokkich jildautomaten dy’t HUF’fen (ynternasjonale jildkoade foar Hongaarske forint) útspuie. En dêr gong it dus fuort al mis mei ús, Hongarije en it jild: pinpas deryn, kieze foar Ingelsk as taal, de goede pinkoade yntype, kieze foar útbeteljen sûnder garânsje (skeelt algau sa’n € 5,- kosten) en in fiks bedrach oanjaan mei hiel wat nullen foar de komma oan HUF’fen (je hawwe aardich wat HUF nedich om hjir wat libje te kinnen), en .... gjin HUF’fen út de jildautomaat, en gjin melding fan dat der wat mis gien is. Hielendal mis! Spannend dus, en no hyltyd mar sjen op mijn ING oft der ek in fiks bedrach ôf boekt wurdt ... Oare kear mar wer nei in lân dêr’t se de Euro (noch?) hawwe.
zondag 31 mei 2015
Reizgje nei in lân dêr’t se de de Euro noch net hawwe.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten