By myn syktocht nei wurdboeken op it ynternet kaam ik hjoed in Ikea-wurdboek tsjin. Sa’n 1300 nammen fan Ikeaprodukten út de Ikeagids, mei in ferwizing nei de oarsprong. Ikea brûkt oer de hiele wrâld deselde Sweedske nammen en de bedoeling fan de site is om dy nammen foar de net-sweden te ferklearjen, sadat dy ek begripe wat de namme fan dat lampke of kastje no krekt betsjut. Yn it Ikea-wurdboek wurdt besocht de nammen te kategorisearjen neffens type. De gearstaller fan it Ikea-wurdboek ûnderskiedt dêrby gewoane Sweedske wurden, betochte Sweedske wurden, Skandinavyske foarnammen, ierdrykskundige nammen en nammen dy’t ûnferklearber of ‘mysterieus’ binne.
In pear foarbylden:
ALEX☺Swedish boy name
ALKALISK❞alkaline
ALSTER❞creation/product
ALVE☺Old Swedish boy name
ALVINE☺Old English girl name
Spitigernôch doge de ferwizingen op de website net (mear?). De auteur ferantwurdet dat mei in stevige disclaimer: THIS SITE IS INCOMPLETE AND VERY MUCH UNDER CONSTRUCTION!
Mar miskien is dat ek wol irony om't de metoaden fan Ikea ek net altyd ynoarder binne?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten