maandag 8 juni 2015

Nei de kelder



Op 1 desimber 1985 hie ik myn earste wurkdei op de Fryske Akademy en in rûnlieding troch de gebouwen is foar nije meiwurkers noch altyd ien fan de hichtepunten fan sa’n earste dei. Oeral gonkjes, krûpyntsjes, souders en kelders. De ‘echte’ meiwurkers fan de Akademy wurken yn myn begjintiid boppe de grûn, mar frijwilligers en pensionado’s (dat wurd bestie doe noch net, mar it begryp wol) sieten yn de kelder fan it Coulonhûs yn de kranten te knippen en yn plakboeken te plakken. Net mei ctrl+x en ctrl+v mar mei in skjirre en lym. Doazen fol argyfmateriaal waarden sa oanlein en opburgen, om úteinlik yn 2014 by de ynterne ferhuzing wer foar it ljocht te kommen, troch scan en OCR efterhelle en dus ta weismiten keard.


Hjoed, op 8 juny 2015 mocht ik yn de kelder sjen fan it Department of Lexicology and Lexicography fan it Research Institute for Linguistics fan de Hongaarske Akademy fan Wittenskippen. Gastfrou Vera Lipp hie de kaai krigen en se liet my yn de kelder it wurdargyf sjen fan it wurdboekprojekt dêr’t sy mei har kollega’s oan wurket: 6.000.000 papieren kaartsjes mei wurden yn kontekst, opslein yn grutte argyfdoazen. Under it stof, wa wit, noch út de kommunistyske tiid. Stof ta neitinken dus. 


It kaartsysteem wie opboud troch frijwilligers en Vera fertelde dat in frou oan har dea op 102-jierrige leeftiid ta hjir oan wurke hat. De doazen wiene opslein yn Lundia-eftige stellingen, mei de ûnderste planke hieltyd leech: jierren lyn wie de kelder troch in lek yn de wetterlieding der ûnderstrûpt en wiene de meiwurkers midden yn de nacht optrommele om te rêden wat der te rêden foel. Om sokke rampen te foaren te kommen wie alles dus no in planke nei boppen opskood. 


Sokke rampen komme mear foar, want ek de kelders fan de Fryske Akademy hawwe wol blank stien en binne soms yn sân hasten evakuearre. Wat ek in déjà vu gefoel joech wie in steapel ûnferkeapbere wurdboeken yn de kelder hjir in Bûdapest. Hiene wy op de FA okkerjiers ek net de hiele net-ferkochte foarried fan it Wurdboek fan de Fryske taal te lizzen as stevich fûnemint fan it Coulonhûs?


Allegear oerienkomsten dus tusken Ljouwert en Bûdapest. Ik soe wolris nei de kelders fan oare kollega-ynstituten ta wolle om te ûndersykjen oft dit universele ferskynsels binne.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten