Op
ynternet stiet ek in wurdboekportaal fan ‘slang’wurdboeken: Slang Portal. Slang is in wurd dat stiet foar ynformele
taal, taal dy’t him neat oanlûkt fan wat stilswijend as noarmtaal funksjonearret.
De taal is soms frij plat, ek wol boartlik. Slang bestiet faak út wurden dy’t
mei opset sin it gewoane wurd ferfange om taboes te trochbrekken. It is de taal
fan subkultueren en groepen. Jongerein brûke slang, mar ek etnyske groepen of
keunstners. Meastal binne it wurden, mar útdrukkingen kinne ek slang wêze.
Slang
is ek net ‘ien’ taal, mar elke groep of subkultuer hat syn eigen ‘slang’. En
binnen gewoane talen (lykas Ingelsk) komme dan wer ferskillende soarten fan
slang foar. Slang is foar in part basearre wurden en konstruksje út de
‘gewoane’ omgongstaal dy’t in oare betsjutting krije, mar befettet ek betochte
wurden dy’t neat út te stean hawwe mei de omgongstaal.
De
definysje fan slang is binne taalkundigen net út, mar de taal dy’t ‘slang’
neamd wurdt moat wat fan boppeneamde omskriuwing hawwe. Sjoch foar mear
ynformaasje it artikel yn de Ingelske Wikipedia: https://en.wikipedia.org/wiki/Slang
It
‘slangeportaal’ jout foar gâns lannen wurdlisten fan ‘slang’: Amerikaansk,
Britsk, Afrikaans, Poals, Gryks, ensfh. Binnen dy talen is dan wer ûnderskied
nei groepen, subkultueren, stêden. In
list fan slang dy’t yn Boston jout bygelyks it wurd Puss dat ‘der min útsjen’ betsjut: "Why the Puss on your face?" (http://www.celebrateboston.com/culture/dictionary.htm)
Slang
komt soms yn gebrûk yn de gewoane omgongstaal, mar bliuwt dan faak wol
ynformeel. Yn de 60’er jierren wie yn it Amerikaansk-Ingels ‘chick’ in slangwurd
foar in kreas famke of frou. (http://www.cougartown.com/slang.html). Tsjintwurdich stiet it yn de Van Dale
Ingelsk-Nederlânsk. En ‘Jesus boots’ soe neffens de selde list ek slang wêze, foar sandalen of slippers.
Sûnt in jier as wat stiet ‘jezusslipper’ en ‘jezussandaal’ ek yn de Dikke Van
Dale.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten