zondag 7 juni 2015

Alles is Kalvyn

Yn it sintrum fan Bûdapest is it Kálvin tér, it Kalvyn plein. Oan dat plein stiet de Kálvin téri református templom, of wol de Kalvyn Plein grifformearde tsjerke. In grut krúspunt fan strjitten,  wegen, trams en metro, mei in pleineftich karakter. In brûnzen byld fan de reformator stiet krekt foar de tsjerke. Dizze sneintemoarn is der om 10.00 tsjinst. In koar en musisy út Nederlân ferliene hjoed harren meiwurking.
Op snein mei de metro nei tsjerke, kom dêr yn Ljouwert ris om! Sawat healwei tsienen rize wy út de ûndergrûn op en  steane wy foar de ‘templom’. Wy binne net de iennichsten dy’t foar de ‘timpel’ steane, want foar de grutte doarren steane twa manlju (heechst wierskienlyk twa thúsleazen) mei elk in plestik kofjebeker, freegjend om in jefte. Dat is pas in kollekte!
Bûten is it al waarm, binnendoar is it koel yn de moaie ljochte tsjerke. It is in prachtige tsjinst, it koar sjongt hiel moai, in sopraan follet it goed oan en it oargel mei trompetten spylje ek moai. De tsjinst is meartalich: der binne twa Hongaarske foargongers, dêr’t ien fan yn it Hongaarsk de tsjinst liedt en de oare yn it Nederlânsk. Guon Hongaarsk grifformearde dûmnys studearje yn Nederlân en leare sa frij goed Nederlânsk. Dat komt yn sokke tsjinsten goed fan pas. De Hongaren sjonge de psalmen en gesangen op de bekende wizen yn it Hongaarsk en de Nederlanders sjonge se yn it Nederlânsk mei.
Gâns liturgyske eleminten meitsje yndruk, en hiel bysûnder is it mienskiplik lûdop bidden fan it Us Heit: yn it Hongaarsk, yn it Nederlânsk en yn it Frysk. De kadâns fan de beaen fan it Us Heit is yn al dy trije talen gelyk, dêrtroch fiele je de ferbining mei oare leauwigen noch mear.

It sekuliere Nederlân skoddet mei faasje syn kalvinistyske fearren ôf, mar yn Hongarije kin men midden yn in wrâldstêd noch gewoan nei de Kalvinistyske tsjerke, op it Kalvynplein, mei dêrop prominint in stanbyld fan Kalvyn. En nei ôfrin kin men op it terras gewoan kofjedrinke op it terras fan it Calvin café: alles is Kalvyn.

2 opmerkingen:

  1. Wat wer in aardich stik Hindrik! Jim fermeitsje jim dêr wol sjoch ik. In noflike tiid dêr noch fierder! Groetnis, Kobe

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Moai, Hindrik. Ast aanst werom bist, mar moai wat trochblogge, soe ik sizze.

    Anne

    BeantwoordenVerwijderen