Fan ’e wike wiene
wy oan it fantasearjen: As Ljouwert in metro hawwe soe, fan wêr nei wêr soe dy dan rinne moatte. Wy woene freonen yn Wirdum ek skewiele, dat it begjinpunt soe yn
Wurdum lizze moatte. En om der sels ek profyt fan te hawwen soe it Westein ek
oansluten wurde moatte op it nije net. En fansels soe der ek in stasjon komme moatte
by de Fryske Akademy, lyk foar de nije entree, hoeke Doelestrjitte/Grienewei.
Boedapest is lykas
Ljouwert ek in stêd fan formaat, mei fjouwer metrolinen
dy’t yn it sintrum op in oantal punten inoar kruse en yn noardlike, westlike,
súdlike of eastlike rjochting ûnder de stêd troch ride. Dy fjouwer linen hawwe
elk in eigen karakter.
Line 4, mei
griene kleurkoade is de nijste line. Ik haw der noch net yn sitten mar hy hat
neffens myn tydlike kollega’s hjirre in ‘futuristysk’ karakter. Line 3 is blau,
oanlein yn 1970 en hat in ‘eastbloksfear’: massive izeren bakken dy’t sombere stasjons
oandogge.De reade kleur is
foar line 2, in nijere line, moderner as 2, mei en grutte ljochte stasjons dy’t
jin in feilich gefoel jouwe. Dizze line giet ûnder de Donau troch en leit dêrom
hiel djip. Men stiet mear as in minút op de roltreppen om op it perron of boppe
te kommen.
En dan line 1, dy
is giel en is it âldste (1896). Op it spoar fan 1 ride ratteljende, kreakjende en
skodzjende giele bakken mei nuver piipjende en gûnzjende lûden. In blikken stim ropt om wêr’t je binne as de doar al wer ticht giet.
In doar dy’t op elk stasjon sawat twa tellen iepen stiet. De stasjons binne moai
wyt-swart betegele en lizze deun ûnder it strjitoerflak. Der binne gjin liften
en roltreppen, wat de tagonkliken net ten goede komt.
In metro yn
Ljouwert? It soe kinne. It metropoal Ljouwert is skielk op ‘t lêst kulturele
haadstêd. It senario leit al klear: by de oanbesteging tekent NS foar in fikse
priis yn. Yn Italië steane noch wol wat treinen (ûnder de grûn leit gjin snie) en
as it al in fiasko wurdt, dan wol ik wol yn de enkêtekommisje om út te sykjen
wêrom en wannear’t it misgien is.