vrijdag 12 juni 2015

Metro yn Ljouwert en Boedapest



Fan ’e wike wiene wy oan it fantasearjen: As Ljouwert in metro hawwe soe, fan wêr nei wêr soe dy dan rinne moatte. Wy woene freonen yn Wirdum ek skewiele, dat it begjinpunt soe yn Wurdum lizze moatte. En om der sels ek profyt fan te hawwen soe it Westein ek oansluten wurde moatte op it nije net. En fansels soe der ek in stasjon komme moatte by de Fryske Akademy, lyk foar de nije entree, hoeke Doelestrjitte/Grienewei.

Boedapest is lykas Ljouwert ek in stêd fan formaat, mei fjouwer metrolinen dy’t yn it sintrum op in oantal punten inoar kruse en yn noardlike, westlike, súdlike of eastlike rjochting ûnder de stêd troch ride. Dy fjouwer linen hawwe elk in eigen karakter.

Line 4, mei griene kleurkoade is de nijste line. Ik haw der noch net yn sitten mar hy hat neffens myn tydlike kollega’s hjirre in ‘futuristysk’ karakter. Line 3 is blau, oanlein yn 1970 en hat in ‘eastbloksfear’: massive izeren bakken dy’t sombere stasjons oandogge.De reade kleur is foar line 2, in nijere line, moderner as 2, mei en grutte ljochte stasjons dy’t jin in feilich gefoel jouwe. Dizze line giet ûnder de Donau troch en leit dêrom hiel djip. Men stiet mear as in minút op de roltreppen om op it perron of boppe te kommen.
Budapest Metro - Line 1 - Budapest, Budapest 
En dan line 1, dy is giel en is it âldste (1896). Op it spoar fan 1 ride ratteljende, kreakjende en skodzjende giele bakken mei nuver piipjende en gûnzjende lûden. In blikken stim ropt om wêr’t je binne as de doar al wer ticht giet. In doar dy’t op elk stasjon sawat twa tellen iepen stiet. De stasjons binne moai wyt-swart betegele en lizze deun ûnder it strjitoerflak. Der binne gjin liften en roltreppen, wat de tagonkliken net ten goede komt.

In metro yn Ljouwert? It soe kinne. It metropoal Ljouwert is skielk op ‘t lêst kulturele haadstêd. It senario leit al klear: by de oanbesteging tekent NS foar in fikse priis yn. Yn Italië steane noch wol wat treinen (ûnder de grûn leit gjin snie) en as it al in fiasko wurdt, dan wol ik wol yn de enkêtekommisje om út te sykjen wêrom en wannear’t it misgien is.

maandag 8 juni 2015

Nei de kelder



Op 1 desimber 1985 hie ik myn earste wurkdei op de Fryske Akademy en in rûnlieding troch de gebouwen is foar nije meiwurkers noch altyd ien fan de hichtepunten fan sa’n earste dei. Oeral gonkjes, krûpyntsjes, souders en kelders. De ‘echte’ meiwurkers fan de Akademy wurken yn myn begjintiid boppe de grûn, mar frijwilligers en pensionado’s (dat wurd bestie doe noch net, mar it begryp wol) sieten yn de kelder fan it Coulonhûs yn de kranten te knippen en yn plakboeken te plakken. Net mei ctrl+x en ctrl+v mar mei in skjirre en lym. Doazen fol argyfmateriaal waarden sa oanlein en opburgen, om úteinlik yn 2014 by de ynterne ferhuzing wer foar it ljocht te kommen, troch scan en OCR efterhelle en dus ta weismiten keard.


Hjoed, op 8 juny 2015 mocht ik yn de kelder sjen fan it Department of Lexicology and Lexicography fan it Research Institute for Linguistics fan de Hongaarske Akademy fan Wittenskippen. Gastfrou Vera Lipp hie de kaai krigen en se liet my yn de kelder it wurdargyf sjen fan it wurdboekprojekt dêr’t sy mei har kollega’s oan wurket: 6.000.000 papieren kaartsjes mei wurden yn kontekst, opslein yn grutte argyfdoazen. Under it stof, wa wit, noch út de kommunistyske tiid. Stof ta neitinken dus. 


It kaartsysteem wie opboud troch frijwilligers en Vera fertelde dat in frou oan har dea op 102-jierrige leeftiid ta hjir oan wurke hat. De doazen wiene opslein yn Lundia-eftige stellingen, mei de ûnderste planke hieltyd leech: jierren lyn wie de kelder troch in lek yn de wetterlieding der ûnderstrûpt en wiene de meiwurkers midden yn de nacht optrommele om te rêden wat der te rêden foel. Om sokke rampen te foaren te kommen wie alles dus no in planke nei boppen opskood. 


Sokke rampen komme mear foar, want ek de kelders fan de Fryske Akademy hawwe wol blank stien en binne soms yn sân hasten evakuearre. Wat ek in déjà vu gefoel joech wie in steapel ûnferkeapbere wurdboeken yn de kelder hjir in Bûdapest. Hiene wy op de FA okkerjiers ek net de hiele net-ferkochte foarried fan it Wurdboek fan de Fryske taal te lizzen as stevich fûnemint fan it Coulonhûs?


Allegear oerienkomsten dus tusken Ljouwert en Bûdapest. Ik soe wolris nei de kelders fan oare kollega-ynstituten ta wolle om te ûndersykjen oft dit universele ferskynsels binne.

zondag 7 juni 2015

Alles is Kalvyn

Yn it sintrum fan Bûdapest is it Kálvin tér, it Kalvyn plein. Oan dat plein stiet de Kálvin téri református templom, of wol de Kalvyn Plein grifformearde tsjerke. In grut krúspunt fan strjitten,  wegen, trams en metro, mei in pleineftich karakter. In brûnzen byld fan de reformator stiet krekt foar de tsjerke. Dizze sneintemoarn is der om 10.00 tsjinst. In koar en musisy út Nederlân ferliene hjoed harren meiwurking.
Op snein mei de metro nei tsjerke, kom dêr yn Ljouwert ris om! Sawat healwei tsienen rize wy út de ûndergrûn op en  steane wy foar de ‘templom’. Wy binne net de iennichsten dy’t foar de ‘timpel’ steane, want foar de grutte doarren steane twa manlju (heechst wierskienlyk twa thúsleazen) mei elk in plestik kofjebeker, freegjend om in jefte. Dat is pas in kollekte!
Bûten is it al waarm, binnendoar is it koel yn de moaie ljochte tsjerke. It is in prachtige tsjinst, it koar sjongt hiel moai, in sopraan follet it goed oan en it oargel mei trompetten spylje ek moai. De tsjinst is meartalich: der binne twa Hongaarske foargongers, dêr’t ien fan yn it Hongaarsk de tsjinst liedt en de oare yn it Nederlânsk. Guon Hongaarsk grifformearde dûmnys studearje yn Nederlân en leare sa frij goed Nederlânsk. Dat komt yn sokke tsjinsten goed fan pas. De Hongaren sjonge de psalmen en gesangen op de bekende wizen yn it Hongaarsk en de Nederlanders sjonge se yn it Nederlânsk mei.
Gâns liturgyske eleminten meitsje yndruk, en hiel bysûnder is it mienskiplik lûdop bidden fan it Us Heit: yn it Hongaarsk, yn it Nederlânsk en yn it Frysk. De kadâns fan de beaen fan it Us Heit is yn al dy trije talen gelyk, dêrtroch fiele je de ferbining mei oare leauwigen noch mear.

It sekuliere Nederlân skoddet mei faasje syn kalvinistyske fearren ôf, mar yn Hongarije kin men midden yn in wrâldstêd noch gewoan nei de Kalvinistyske tsjerke, op it Kalvynplein, mei dêrop prominint in stanbyld fan Kalvyn. En nei ôfrin kin men op it terras gewoan kofjedrinke op it terras fan it Calvin café: alles is Kalvyn.

vrijdag 5 juni 2015

Slangewurdboek



Op ynternet stiet ek in wurdboekportaal fan ‘slang’wurdboeken: Slang Portal. Slang is in wurd dat stiet foar ynformele taal, taal dy’t him neat oanlûkt fan wat stilswijend as noarmtaal funksjonearret. De taal is soms frij plat, ek wol boartlik. Slang bestiet faak út wurden dy’t mei opset sin it gewoane wurd ferfange om taboes te trochbrekken. It is de taal fan subkultueren en groepen. Jongerein brûke slang, mar ek etnyske groepen of keunstners. Meastal binne it wurden, mar útdrukkingen kinne ek slang wêze.

Slang is ek net ‘ien’ taal, mar elke groep of subkultuer hat syn eigen ‘slang’. En binnen gewoane talen (lykas Ingelsk) komme dan wer ferskillende soarten fan slang foar. Slang is foar in part basearre wurden en konstruksje út de ‘gewoane’ omgongstaal dy’t in oare betsjutting krije, mar befettet ek betochte wurden dy’t neat út te stean hawwe mei de omgongstaal.
De definysje fan slang is binne taalkundigen net út, mar de taal dy’t ‘slang’ neamd wurdt moat wat fan boppeneamde omskriuwing hawwe. Sjoch foar mear ynformaasje it artikel yn de Ingelske Wikipedia: https://en.wikipedia.org/wiki/Slang
It ‘slangeportaal’ jout foar gâns lannen wurdlisten fan ‘slang’: Amerikaansk, Britsk, Afrikaans, Poals, Gryks, ensfh. Binnen dy talen is dan wer ûnderskied nei groepen, subkultueren, stêden.  In list fan slang dy’t yn Boston jout bygelyks it wurd Puss dat ‘der min útsjen’ betsjut: "Why the Puss on your face?" (http://www.celebrateboston.com/culture/dictionary.htm)

Slang komt soms yn gebrûk yn de gewoane omgongstaal, mar bliuwt dan faak wol ynformeel. Yn de 60’er jierren wie yn it Amerikaansk-Ingels ‘chick’ in slangwurd foar in kreas famke of frou. (http://www.cougartown.com/slang.html). Tsjintwurdich stiet it yn de Van Dale Ingelsk-Nederlânsk. En ‘Jesus boots’ soe neffens de selde list ek slang wêze, foar sandalen of slippers. Sûnt in jier as wat stiet ‘jezusslipper’ en ‘jezussandaal’ ek yn de Dikke Van Dale.

De obligate fraach is no fansels, bestiet der ek Fryske ‘slang’?