vrijdag 12 juni 2015

Metro yn Ljouwert en Boedapest



Fan ’e wike wiene wy oan it fantasearjen: As Ljouwert in metro hawwe soe, fan wêr nei wêr soe dy dan rinne moatte. Wy woene freonen yn Wirdum ek skewiele, dat it begjinpunt soe yn Wurdum lizze moatte. En om der sels ek profyt fan te hawwen soe it Westein ek oansluten wurde moatte op it nije net. En fansels soe der ek in stasjon komme moatte by de Fryske Akademy, lyk foar de nije entree, hoeke Doelestrjitte/Grienewei.

Boedapest is lykas Ljouwert ek in stêd fan formaat, mei fjouwer metrolinen dy’t yn it sintrum op in oantal punten inoar kruse en yn noardlike, westlike, súdlike of eastlike rjochting ûnder de stêd troch ride. Dy fjouwer linen hawwe elk in eigen karakter.

Line 4, mei griene kleurkoade is de nijste line. Ik haw der noch net yn sitten mar hy hat neffens myn tydlike kollega’s hjirre in ‘futuristysk’ karakter. Line 3 is blau, oanlein yn 1970 en hat in ‘eastbloksfear’: massive izeren bakken dy’t sombere stasjons oandogge.De reade kleur is foar line 2, in nijere line, moderner as 2, mei en grutte ljochte stasjons dy’t jin in feilich gefoel jouwe. Dizze line giet ûnder de Donau troch en leit dêrom hiel djip. Men stiet mear as in minút op de roltreppen om op it perron of boppe te kommen.
Budapest Metro - Line 1 - Budapest, Budapest 
En dan line 1, dy is giel en is it âldste (1896). Op it spoar fan 1 ride ratteljende, kreakjende en skodzjende giele bakken mei nuver piipjende en gûnzjende lûden. In blikken stim ropt om wêr’t je binne as de doar al wer ticht giet. In doar dy’t op elk stasjon sawat twa tellen iepen stiet. De stasjons binne moai wyt-swart betegele en lizze deun ûnder it strjitoerflak. Der binne gjin liften en roltreppen, wat de tagonkliken net ten goede komt.

In metro yn Ljouwert? It soe kinne. It metropoal Ljouwert is skielk op ‘t lêst kulturele haadstêd. It senario leit al klear: by de oanbesteging tekent NS foar in fikse priis yn. Yn Italië steane noch wol wat treinen (ûnder de grûn leit gjin snie) en as it al in fiasko wurdt, dan wol ik wol yn de enkêtekommisje om út te sykjen wêrom en wannear’t it misgien is.

3 opmerkingen:

  1. Deze reactie is verwijderd door de auteur.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Giest mei de metro werom nei Fryslân? Goede reis yn alle gefallen en oant gau, by de 'halte Doelestrjitte'!

    Groetnisse,
    Mettje

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Nei dit stikje moat ik grif ûndergrûns fierder libje.

    BeantwoordenVerwijderen