Op in oar ynstitút wurkje, yn in oare stêd wêze: it is krekt as hawwe je in nije baan. Hjir yn Bûdapest fiele je je in analfabeet wat de taal oangiet. Noch in gelok dat se it Hongaarsk staverje mei ús letters en net mei sirilyske of Grykske tekens. No hawwe je noch de yllúzje dat je lêze kinne wat der stiet: ‘köszönöm, borospohár, szótár’, ek al begripe je der neat fan.
Op it ynstitút dêr't ik wurkje hearre je ek hiel wat Hongaarsk, guon ‘kollega’s’ prate ek wol wat Ingelsk of Dútsk, mar dat is faak mar breklik (lykas myn Ingelsk of Dútsk). In goed gesprek sit der dus net yn. Gelokkich dat myn gastfrou goed Ingelsk kin, mei har kin ik noch wol aardich kommunisearje.
De keamer dêr’t ik sit, wurdt befolke troch fjouwer minsken en neist ús romte sitte ek noch twa of trije wurkers. Neist dat je de taal al net ferstean en prate kinne, binne se ek noch ris tige stil. Se binne wol freonlik, mar it binne gjin praters. Dêr hat myn gastfrou my al foar ‘warskôge’ en sadwaande binne je wat dat oangiet suver wat ûnwennich fan élke soart fan drokte op de wurdboekseal fan de Fryske Akademy. Hawar, sa kin ik my wol fol konsintraasje ta it wurk sette: ûnderwilens in list fan mear as 50 wurdboekportalen oanmakke en ien dêrfan al aardich wiidweidich beskreaun: Wörterbuchnetz, http://woerterbuchnetz.de/. In samling fan Dútske wurdboeken dy’t tige yngewikkeld ‘vernetzt’ binne. Oan my de kommende dagen de taak om dy 'vernetzte' knoop wat út ‘e tiis te heljen.
Leuk om dyn ferhalen te lêzen :) en dan sa firtueel mar efkes in praatsje en ynkoarten werris yn it echt. Súkses noch dêr!
BeantwoordenVerwijderen